Westergoo II is F-Pion-reserves oermânsk

 

Westergoo II hat tongersdei yn Frentsjer mei grut fertoan fan macht wûn fan de F-Pion II. Yn de rumoerige en healtsjustere boppeseal fan de Bogt fen Guné waard it 2-6. It wie omt Rintsje Altena him mei in fol stik foar slim fergaloppearre, oars hie de útslach foar de Frjentsjerters noch beskamsumer west.

 

Interim teamcaptain HarmJan Dijkstra joech – sa as dat heart- it goeie foarbyld troch yn 17 setten fan Jochum de Boer te winnen.  En ek Siebe de Jong hie net lang wurk om oan boerd 1 it folle punt binnen te heljen. Jos Dölle wie de tredde dy’t him mei in punt en in slokje deljaan koe yn de noflike jachtweide fan de âldste studinteherberch fan it Noarden. Doet Hessel van der Pal (hij wie dizze jûn op ‘e fyts omt hy yn Frjentsjer in húske fan hald-oan fûn hat)  mei in heal punt ek ûnder  kaam, hiene dizze fjouwer mannen yn begjinsel in boom klaverjasse kinnen, mar der kaam neat fan op ‘e hispel. De Jong wie begryplikerwize al wer ôfsetten nei Makkum en Jos Dölle kin net klaverjasse.

Johan Leeverink fersloech de âld sekretaris fan de FSB Wim Niessen yn in frisse en flotte partij. Hidde Sinia spile tsjin Egbert Bergsma, de broer fan... De mannen makken der in moaie striid fan mar it waard úteinlik kamp. Hans van den Bosch debutearre ekstern foar Westergoo mei in oerwinning. Offisjeel omt syn tsjinstanner troch de klok gie mar neffens de analisten om it boerd, hie hy lang om let de partij ek gewoanwei wol winne sillen.

Doe’t alle punten opteld wiene die bliken dat de wedstryd einige wie yn 2-6. Westergoo II nei WES I ‘the best of the rest’. Nochris, alles spile him by skimerljocht ôf. Wat der yn it nachtlike tsjuster allegearre noch plakfûn hat, dat sille wy net witte, mar dat hoecht ek net.

HJD