Us âld gasthear De Way ferstoarn

 

Sneon 17 desimber koenen wy yn de krante lêze dat op 75-jierrige leeftyd ferstoan is de hear Doede de Way. Doets, want sa waard hy meast neamd, hat likernôch 17 jier gasthear west fan it Convent  en as sa danich wie hy ek foar ús as skakers in wichtich persoan. Hy begûn syn karriêre as bussjofeur en folge yn 1972 syn heit op as koster fan de Martinitsjerke. Doe’t in pear jier letter Tj. de Vries ophold as behearder fan it Convent, waard de taak fan De Way útwreide en krige hy ek it ferieningsgebou op ‘e noed . Dat gong doe noch om it âlde Convent dat likernôch 200 meter fierderop oan de Kampen stie. Op 5 maart 1975 waard it nije Convent yn gebrûk naam.

Dat nije Convent betsjutte dat in jûntsje skaak in nije diminsje krige. Yn it âlde Convent waard wol in gleske bier skonken mar der wie gjin bar dêr’t je nei ôfrin fan de partij efkes noflik oanskikke koenen. Dat wie yn it nije Convent oars. En nuver is’t, mar dat hienen de skakers rillegau foar it ferstân en der waard fanôf it begjin gretich gebrûk fan makke, sterker nei in pear tiisdeis wisten je net better of it hearde sa. Ik bin der fan oertsjûge dat de mooglikheid ta it hâlden fan in neipetear oan de bar foar ús ferieniging fan grutte betsjutting wie en is. De tredde helte – of moatte wij skakers sprekke fan it neispul  (dat folget op iepening, midden- en einspul) jout krekt dat bytsje ekstra dat gâns oare klups misse moatte.

 

It neisitten moat gesellich wêze. En dat hinget net allinnich ôf fan de minsken dy’t oan de bar sitte mar ek fan de man as frou dy’t der efter stiet. En ek wat dat oanbelanget hawwe wy it troch de jierren altyd troffen. Op’t heden mei Margrita en earder jierrenlang mei Hinne Woudstra en yn it begjin seker ek mei Doets de Way. Hoewol hy fan oarsprong  net in ‘horeka-man’ wie krige hy it fak gau ûnder de knibbel en waard in gasthear dy’t besocht it syn klanten nei de sin te meitsjen en dêr meast ek yn slagge. Ik hie de yndruk dat hy de tiisdei tejûnen net de meast ferfelende jûnen fûn al waard it fansels meast wol ridlik let. As der moppen tape waarden hied er beide earen goed iepen en sels koed er ek smout fertelle. Yn 1992 hawwe wy fan De Way en syn frou -dy’t har man jierrenlang oan it begjin fan de jûn bystie- ôfskied nommen. Omt yn de snuorje krekt ek ús foarsitter Klaas Visser –bepaald net in backbencher- fuort foel, waard it yn it earstoan súver mar wat stil yn it Convent en it hat efkes duorre eart wy ús draai wer fûnen, mar ek dat slagge. Sa gean de dingen, it âlde ferdwynt en der komme nije saken foar yn it plak. Wy tinke mei respekt werom oan ús âlde gasthear no’t woansdei de  klok fan de Martini – dy’t er sa faak foar oaren let hat- foar him ta ôfskie liede sil.   HJD