Op side 12 fan it jongste nûmmer fan it Frysk literêr tydskrift Ensafh stiet fan de hân fan de dichter Ane Bote Jukema in fers mei as titel GRAND MAÎTRE. Hoewol je dat mei dichters fansels nea witte, soe it my net fernuverje as it gedicht giet oer ien fan de leden fan Westergoo dy't it ôfrûne jier ferstoar. It fers begjint sa:

 

Jos, hoe koest dat no dwaan, jonge

hoe krigest it yn de plasse,

samar dea te gean.

 

En dan folget der in 'lofsang' op in fleurige en optimistysk en yntelligent man tanksij wa de skaakjûnen foar de dichter troch-de-wyksje feestjes wienen.

 

It fers einiget:

 

do wiest in goede skaker, Jos

mar as minske

wiesto in grutmaster

 

Ik tink dat it net sa dreech is om te betinken wa't it fers skreaun hat, mar eins docht dat der net ta. It gedicht ferwurdet wat in soad fan ús sizze wollen hienen.

 

As de dichter tastimming jout soe it hiele gedicht op dizze side net misstean!

 

HJD