- Gegevens
- Geschreven door: H.J. Dijkstra
- Hits: 1681


Warkum is in moai stedsje. Yn septimber as it yn in neijierssintsje leit te pronkjen, mar ek op in moaie simmerjûn as je op 'e Merk krekt in gleske wite wyn besteld ha en it wachtsjen is op de ober dy't it bringt. Warkum is prachtich op in sneintemiddei yn de maaitiid, as je it stedsje kuierjend oer de Tillefonne naderje. Nearne yn Fryslân in moaier panorama te finen. Mar faaks it aldermoaist is Warkum as der snie leit. Dat wie ôfrûne sneon it gefal en dus wie it eins sonde en sit de hiele dei yn de Klameare te skaken. Dat wie úteinlik lykwols it haaddoel fan ús reis nei de stêd fan de brijbrekken en dus siet der neat oars op dan ús ûnder de toer fan St Gertrudis del te jaan, ús oer it skaakboerd te bûgen en ús de holle te brekken. En sa'n grutte straf wie dat no ek wer net. Meast noflik skakersfolk om je hinne, moaie en spannende partijen, alles goed fan iten en drinken, eins koe it net better.
Ik fyn it prachtich dat it lytse ODI der yn slagget sa njonkelytsen al 67 jier efter inoar de Warkumer Skaakdei yn stân te hâlden. Earst ûnderlieding fan Ette de Boer as fjouwerkampentoernoai en de lêste jierren as rapidtoernoai foar fjouwertallen ûnderlieding fan û.o. ús Sybolt Haytema. Bestiet der yn de FSB in tradysje dy't langer mei giet? Ik tink it hast net. Sunich op wêze dus, hoedzje en noedzje. Oare jier minstens wer trije teams fan Westergoo op 'e list. Waar of gjin waar. HJD