- Gegevens
- Geschreven door: H.J. Dijkstra
- Hits: 1974


Ik haw fan 'e middei noflik efkes nei it Grinzer skaaktoernoai west. Doe't ik op 'e hinnereis yn de auto siet, tocht ik wat besoademiterest winliken om sa'n ein fuort te fleanen om efkes by it skaken te sjen? Doe't ik ienkear te plak wie wist ik it antwurd eins fuort ek wol wer. It is op de ien of d 'oarde manier no ienkear in omjouwing wêryn ik my thús fiel. In grutte sporthal fol skakers: âld en jong, man en frou, fris en moarsich trochinoar. En allegearre fassinearre troch it selde spultsje. Hearlik. Der kaam by dat de organisaasje traktearre op oaljekoeken. Ik haw der in moai nustje fan opsnoaske. En se smakken lekker.
Gert Ligterink fersoarge it kommentaar. Syn oandacht wie meinamen rjochte op de partij fan Sipke Ernst. Op in seker stuit stelde Ligterink in konsumpsjebon beskikber foar dyjinge dy't foar Sipke noch in útwei seach út de neffens him nitelige posysje wêryn de Damwâlster him sels brocht hie. De oanwêzigen yn de demonstraasjeseal moasten it antwurd skuldich bliuwe. Sels Jaap Ham – sa njonkelytsen de nestor fan it Grinzer skaakwrâldsje- die gjin goai nei de beskikber stelde konsumpsjebon wylst er meast frijwat toastich is. Net folle letter kaam it berjocht dat Sipke syn partij wûn hie en dêrmei yn it toernoai in dield earste plak feilich steld hie. Rûnom sensaasje, dus. En it die mar wer ris bliken hoe dreech it is om foarsizzings te dwaan oer in skaakpartij.
Foardat ik wer ôfreizge nei Fryslân seach ik noch efkes yn de grutte seal. Ik seach wol fyftich minsken om twa skakers hinne stean. Wat die bliken? De Nederlanner Ivo Maris (2186 elo punten) wie tsjin de Tsjech Plat (2483 elo punten) yn in einspul belâne: kening, loper en hynder tsjin in keale kening. As de Nederlanner dat ta in goed ein wist te bringen soe er foar it earst in masterresultaat helje. En it slagge. Ik skat dat nei sa'n tritich setten stûf en stadich manoeuvrearjen Ivo de felisitaasjes yn ûntfangst nimme koe. Wat in moai beslút fan 50 jier Grinzer topskaak om de krystdagen hinne. Ik wie bliid dat ik der by wie.
Elkenien in sûn en blier 2013.
HJD