Oan de bar kamen tiisdei myn stikjes te praat. Net elk koe de Fryske wurden te plak bringe. Ien frege wat 'tsjep' betsjut. Ik hie in jonge skakersmem dy eigenskip tadichte. It omsittend laach koe de betsjutting: knap. Ien woe ha dat Obe Postma fan Koarnwerd it wurd folle brûkte, bygelyks doe't er de boerinne fan Surch besong. It soe kinne, mar de boarne is tichteby te finen. Eeltsje Halbertsma skreau yn "De Boalserter merke" oer Wobbel: bern wat bisto tûk, sa jong en prûs, sa nuver smûk, sa tsjep yn Sneinske klean. It fers is te finen yn Fryslân sjongt, mar mooglik ek wol yn de Rimen en Teltsjes. It is in alderaardichst liet. De dichter sjocht op de merke te Boalsert in famke gean en folget har de hiele dei. Dan wurdt it jûn en set it feest útein. "En 't foltsen gong te bier" skriuwt Halbertsma. Lang om let fine de jonge lju inoar en Wobbel is net allinnich tsjep mar hja lest it libben ek wol. Se frijde as in wyld, neffens de dichter en dat komt him noflik oan. "As pypkeniel oer rizenbrij, ja noch wol swieter smakke 't my" De jûn einiget mei in houliksoansyk. Hoefolle minsken soenen sokke ferskes noch lêze as sjonge? It binne der hoe dan ek te min.
Myn eigen Wobbel gong tiisdei ek by de kreamen lâns. Yn 't earstoan frijwat fleurich mar al gau bruts de oerdwylskens har op. Marc Masmeijer- HJD, 27-11-2012 Westergoo Yntern. 1. d4 Pf6 2. Pf3 g6 3. c4 Lg7 4. Pc3 d6 5. g3 0-0 6. Lg2 c6 7. 0-0 Lf5 8. Ph4 Ld7 9.e4 Pa6 10. f4 Lg4 11. Da4 Pd7 12. e5 dxe5 13. dxe5 Pdc5 14. Dc2 Dd4 15. Df2 Dxc4 16. Le3 Pd3 17. Dd2 Tfd8 18. h3 Pxf4? 19. Txf4 Dd3 20. Df2 Le6 en tagelyk jou ik it oer. HJD
Speel de partij na in de Westergoobase