- Gegevens
- Geschreven door: H.J. Dijkstra
- Hits: 1675


Wa't him net te bot ôfliede lit troch alles wat him yn de seal ôfspilet en goed konsintrearre de kop by syn eigen partij hâldt, kin it sa no en dan ridlik fier skoppe. Ik haw dêr dit wykein yn Wolvegea it bewiis fan levere. Neidat ik sneon 'mar' 2 út 4 skoarde, gong it snein foar wûnder: 4 út 5 mar leafst. Dat levere yn in groep fan hast fyftich spilers in dield fjirde plakje op. En ik mocht út hannen fan de boargemaster fan Weststellingwerf de hear drs. Gerard van Klaveren in bedrach fan 110 euro yn ûntfangst nimme. Sjoch, dat kin helpe foar ien mei in begrutlike húshâlding yn krisistiid. Ik sil ynkoarten myn kontribúsje fan Westergoo betelje. It mei my no wol wer barre.Betiden moasten de puntsjes fier weikomme. Yn bijgeande stelling haw ik swart en ik stean beroerd om net te sizzen ferlern. Wyt hat krekt Da4 spile en driget op c6 te slaan. Yn ienen sjoch ik dat de dame op a4 net dutsen stiet. Ik rûk myn kâns en spylje ... De8. Wyt tinkt efkes nei en slacht dan mei de loper op c7. Fuortdaliks doch ik der Pxd4 achteroan: it piontsje haw ik werom, de faam op a4 stiet yn en ik driigje te slaan op f3. Wyt spilet Ld1 om de dame te dekken. Ik sjoch op'e nij in kâns: Pe2+. It hynder kin net mei de loper nommen wurde, dus Kh1. Ik nim no op c3 en bied 'kamp' oan. Suver in bytsje oerrompele troch safolle kombinaasjefermogen nimt wyt it oan. HJD