Hjoed de hiele dei yn Wolvegea skaakt. Soks komt der op oan. De earste party mocht ik winne. Tsjin in Poalsk jonkje. Yn de twadde ronde kaam ik op 'e nij út tsjin in benjamin. It mantsje wie 12 jier mar hy reage my der wol ôf. Yn de tredde ronde hie ik in nammegenoat tsjinoer my. Hy behannele de iepening wat frjemd, mar op 'e 14e set ferrifele er my mei in krefitge set. (Sjoch diagram: ik sloech mei myn loper in hynder op c3 mar doe krige ik Df3 om 'e earen). Fjouwer setten letter koe ik it oerjaan. Gelokkich wist ik yn de fjirde ronde wer te winnen sadat ik op 50% stean. Moarn is noch alles mooglik, mar it wurdt wol dreech fan moarns tsien oere oant jûns healwei achten fiif rapidpartijen. It is oars yn Wolvegea in moai skaakbarren. Yn de ynvitaasjegroep nimt ús Sipke (Ernst) it op tsjin fiif grutte masters. Gert Ligterink fersoarget it kommentaar.

Oan it iepen toernoai dogge sa'n hûndert skakers mei wêrûnder nochal wat jonge bern. It foardiel dêrfan is dat der nochal wat memmen yn de seal omstappe, wêrûnder in tal tsjeppe froulju. En dat is moai. It jout in toernoaiseal in freonlik oansjen, en it each wol ek wat. HJD