Yn de jierren 60/70 waard der yn Fryslân troch de middelbere skoallen ûnderling in soad skaakt. Ien kear yn it jier wie yn de Harmony yn Ljouwert it Kerstschoolschaaktournoai wêr neffens my wol 150 skoaljonges oan mei dienen. Mar dêr njonken waard ek alle jierren it Frysk skoalskaakkampioenskip holden. Ik siet yn Boalsert op it Brugmancollege en wij wienen eins altyd fan de partij. Pater Reintjes begeliede ús, faaks omt der thús gjin húshâlding wie dêr't er foar soargje moast  hie hy nei alle gedachten genôch tiid foar sokke 'buitenschoolse activteiten'.

Foar safier it my heucht wie it meast it Ljouwerter Stedelijk Gymnasium dat de heechste priis wûn en ek it Bogermancollege fan Klaas Visser sloech gauris foar master op. It team wêr't ik yn siet hat ien kear wûn. It heucht my dat ik yn dy jierren ek wol gauris spylje moast tsjin Sjoerd Homminga fan De Jouwer. Hy siet yn it Hearrenfean op -ik mien- de Ryks Skoalle mienskip (RSG) en hy spile oan it earste boerd. Wy wienen oan inoar weage. Nei de middelbere skoalle ferdwûn hy út Fryslân en ik ferlear him út it each.

Oant ôfrûne sneon. Doe sieten wy ynienen nei likernôch 35 jier wer tsjinoer inoar. Hy foar Assen en ik foar Westergoo, oan boerd 8. Kwa rating leit er ûndertusken goed oardel hûndert punten  op my foar, en dat wie ûnder de partij ek wol te merken. Hy kaam better út de iepening en hie hieltyd fierwei de bêste kânsen. Op de ien of d 'oare manier wist er lykwols net it rjochte paad nei de oerwinning te finen en dat bruts him soer op. Yn bijgeande stelling bin ik mei swart sels in piontsje yn it foar, mar it folle punt liket noch fier fuort.

Dochs is it yn trije setten beslikke. Sjoerd spilet by fersin 49. La4. Dat jout my de kâns om myn toer nei b1 te spyljen. In bûtenkânske. 49. ....Tb1. 50. Kd1 moat dan wol folgje want oars ferliest er de loper op c1. No haw ik lykwols it sterke 50. ..... e3! As er mei de f-pion nimt, dan slaan ik mei it hynder en giet de loper op c1 ek ferlern. Sjoerd nam 'ten einde raad' mei syn toer myn hynder mar no is e2 ferneatigjend.

HJD

De partijen van HJD en Jos zijn hier na te spelen