Ik skriuw dit stikje as Nederlân yn it EK krekt ferlern hat fan Denemarken. Woansdei noch in kear sa’n misser en lytse Wesley leit moandei in wike noflik njonken Yolanthe oan it strân. Ik wist it wol.

Mar ik soe it oer it FK ha. Foar de measten is dat justerjûn ôfrûn, allinnich Migchiel de Jong en Jippe Kamstra moatte tiisdei noch efkes oan de bak en wol yn in ynspirearjende omjouwing: de drankflessen fan sliter Bylsma healwei Dearsum. Hearlik.  Meitsje der wat moais fan, soe ik sizze.

It wie wer in moai kampioenskip. In goeie sfear, in soad striid en in protte gesellichheid. Komplimint foar de organisaasje en gasthear Vergonet.

Ik einige mei 58% as bêst skoarende Westergo’er (3.5 út 6). Ik bin dêr wol tefreden mei. Bergsma helle de measte punten: 4 út 7. Sjappo. Mei bernlik gemak fersloech hy yn de lêste omloop Knuddes Takkebos. En dat is gjin kattepis.

No’t we nije wike net mear nei Vergonet hoege en it mei de fuotballerij ek net sa goed liket, falle wy suver wat yn in gat. Gelokkich haw ik in startbewiis foar de Slachtemaraton sadat ik my oare wike sneon net hoech te ferfelen. Ik hoopje mar dat myn wrakke knibbel meiwurkje wol, oars rint dat fansels út op in knoffelerij.  Ik haw begrepen dat myn Riedshear-freon Miedema it parkearjen yn Easterbierrum regelet. Jaap! Here I come.

O ja, August Niemarkt  miste justerjûn nei ôfrin syn jas. Wol Jos Dölle efkes syn kapstok ynspektearje?

 

Ik wûn juster frij maklik fan Trynke fan Chris. Beide sille sneon ek de Slachte del!

 

HJD - Trynke Wijmenga

FK 2012, 08.06.2012

1.d4 d5 2.c4 e6 3.Pc3 Lb4 4.Ld2 Pf6 5.a3 Lxc3 6.Lxc3 0–0 7.e3 b6 8.Pf3 Pc6 9.Dc2 Te8 10.h4 Pe7 11.Pe5 Lb7 12.h5 dxc4 13.Lxc4 Lxg2 14.Th2 Le4 15.Db3 h6 16.f3 Ld5 17.e4 Lxc4 18.Dxc4 Dc8 19.Ld2 Db7 20.Kf2 Kh8 (in earnstich fergryp) 21.Pxf7+ Kh7 22.e5 Pf5 23.exf6 Dd5 24.Dxd5 exd5 25.fxg7 Kxg7 26.Pe5 Pxd4 27.Tg1+ Kf6 28.Pg4+ en Trynke jout op, it kampioenskip is oer.