Wa’t yn Dútslân yn de bleate kont op it strân rinne wol, moat nei in FKK-strân. FKK en FK binne ôfkoartingen dy’t wol wat op inoar lykje en faaks soarget dat wat foar betizing. Ik bedoel dit: by de tredde ronde fan it FK –ôfrûne woansdei- wienen nochal wat dielnimmers slim loftich klaaid: koarte broeken, bleate fuotten, dat soarte dingen. As ik earlik bin hâld ik dêr net sa fan. Om my hoecht nimmen mei de strik foar efter it boerd. Ik knap boesgroentsje folstiet wat my oanbelanget en - as de pânse net al te folle omfang hat- fyn ik in T-shirt ek noch wol te tolerearjen. In kolbertjaske fyn ik sels altyd wol moai stean (en noflik sitten), mar in knappe trui kin der ek wol bytroch. Wat de broek oanbelanget binne neffens my de mooglikheden lykwols beheind, dy moat sûnder betingst foar jong en âld ‘lang’ wêze. Perfoarst gjin koarte broeken yn de spylseal fan in skaaktoernooi en ek gjin bleate fuorten yn sandalen. Ik fyn dat de wedstriidlieding dêr op ta sjen moat. Ik wol net safier gean dat de spilers dy’t har dêr net oan hâlde fuortdaliks útsluten wurde moatte fan fierdere dielname, mar in berisping fyn ik wol op syn plak. It giet om it FK en net om it FKK.

Oer myn tsjinstanner gjin klachten. Ik spile tsjin Ger de Boer, en hy wie as altyd kreas yn ‘e klean. En hy spilet in oantreklik spultsje. Op ‘e 22e set ûndergong syn d-pion al in metamorfose ta dame. Fjouwer setten letter gong by my it ljocht út.

HJD - Ger de Boer FK 2012, 23.05.2012

1.d4 d5 (de koartse wei nei promoasje, sjoch set 22) 2.c4 e6 3.Pc3 c5 4.Pf3 Pf6 5.Lg5 Pc6 6.dxc5 d4 7.Pb5 Lxc5 8.Lxf6 gxf6 9.e4 Lb4+ 10.Pd2 a6 11.Pa3 d3 12.Pab1 Dd4 13.Pc3 Pe5 14.Da4+ Pc6 15.Db3 Lc5 16.0–0–0 Pe5 17.f4 Pg4 18.Pf3 De3+ 19.Kb1 Pf2 20.Te1 Dxf4 21.Tg1 d2 22.Te2 d1D+ 23.Pxd1 Pxd1 24.Dxd1 Lxg1 25.Pxg1 Ld7 26.e5 0–0–0  0-1