- Gegevens
- Geschreven door: H.J. Dijkstra
- Hits: 100


Us lêste skaakjûn hie ôfrûne tiisdei (1-4-2025) wat in -lit ik sizze- ‘weemoedige’ start. Cees Banning joech Tine – ús Tine – it wurd. En hja kaam mei de meidieling dat se yn ferbân mei har ôfnimmende sûnens de tiisdeitejûnse gong nei it Convent opjaan moat. “It is better dat ik der mei ophâld” sei se, en se murk dêr mei klam by op dat dat har spiet. Troch de jierren is se har bot thúsfielen gien tusken alle skakende manlju en it skaakspul hat se altyd mei in soad nocht spile.
Wat koenen wy -leden fan Westergoo- yn it boppesealtsje der winliken fan fine? In ferstannige frou op jierren hie sprutsen en it hie gjin pas jûn as immen der wat tsjinyn lein hie. Begryp en respekt wie it ienige wat we ha koenen en we brochten dat ta útdrukking mei hantsjeklappen. Mar nochris, weemoedich wie it wol. Tine hearde der ommers de ôfrûne fearnsiuw sa hielendal by. Se kaam hast altyd mei in golle laits op it gesicht binnen, groete elkenien freonlik en socht dan kalm har tsjinstanner op om dernei te dwaan wêr se foar kommen wie: in potsje skake. En dat die se sa’t it hearde: alles der oan dwaan om te winnen. Slagge dat dan wie se grutsk op har sels. Ferlear se dan droech se har ferlies manmoedich! Nea gjin praat achterôf fan ‘ik stie better’ of ‘ik haw de winst lizze litten’. Nee, de tsjinstanner waard gewoan de hân jûn yn it besef dat der in wike letter wer in nije partij wachte.
Tine har krêft lei net allinnich yn har sportiviteit. Se is in ‘minske mins’ dy’t skerp yn ‘e gaten hold hoe’t de flage der by de leden fan Westergoo by hong. Lju dy’t yn de lytse loege sieten hienen har omtinken. Eins wie se sa’n bytsje ús ‘kommisje fan leaf en leed.’ En dêr hearde ek by it breidzjen fan in pear wollen sokken foar in lid dy’t oanjoech dat hy wol gauris lêst hie fan kâlde fuotten.
Tine wie net it earste froulike lid fan Westergoo, mar se wie wol de frou dy’t fierwei it langste lid west hat fan ús klup. Dêrom sil se mei eare altyd neamd wurde yn de jubileumboeken dy’t yn de takomst noch oer ús feriening skreaun wurde sille. Net allinnich as frou sil se neamd wurde mar ek as dyjinge dy’t der foar soarge hat dat de stikken wêr’t Westergoo mei spilet bewarre wurde yn prachtige – troch har broer makke- houten kistkes. Gjin klup yn Fryslân dy’t it wichtichste materiaal, de skaakstikken, mei safolle ‘egards’ behannelet.
Ta beslút, Tine as skaakster hat in plakje krigen yn de Fryske literatuer. Yn de roman Sjappy fan Sipke de Schiffart is in haadstik wijd oan de damklup Oostergoo. Ut it ferhaal is frij ienfâldich op te meitsjen dat De Schiffart mei damklup Oostergoo syn âlde skaakklup Westergoo ‘yn gedachten’ hie. Op side 206 lêze wy it folgjende: “Yn dizze kompetysje die ien frou mei, in lyts froutsje, ek al behoarlik op jierren, se wie kreas yn ‘e klean, oan har briltsje bongele in toutsje. De dame like in ferdwaalde bridgespylster. Wat opfoel wie dat de manlju allegear sieten te damjen mei in earnstige útdrukking op it gesicht, wylst dy iene frou achter it boerd siet mei in glimlaits om de mûle. Stie se yn de iepening al wûn of koe it har neat skele hoe’t it ôfrûn?“ It kin net oars of dit giet oer Tine. En it moat sein: prachtich beskreaun troch Westergoo’s ferlerne soan De Schiffart, Sipke, Longerhou 1959.
Ik realisearje my dat dit stikje oer Tine de toan hat fan in ‘In memoriam.’ Dat is perfoarst net oan de oarder. Tine hâldt mei it each op har sûnens op mei skaken. Wy winskje har mei Frans (ek Westergoo!) noch in goeie libbensjûn. Op de klup sille wy har misse! HJD