Sjoerd Zijlstra ferstoarn

Hjoed is yn it krematoarium fan Snits ôfskied nommen fan in markante Boalserter dy’t ek lang ferbûn west hat oan ús skaakklup: Sjoerd Zijlstra. Yn de 70er en 80er jierren fan de foarige iuw wie hy Westergooer. Hy die mei oan de ynterne kompetysje en hy ferdigene de kleuren fan ús feriening yn FSB-ferbân. Op in seker stuit kaam dêr in ein oan, mar it skaakspul bleau syn belangstelling hâlden. Ek Westergoa ferlear hy nea út it each. Doe’t er in jier as wat ferlyn op tiisdeitejûn yn it Convent wêze moast te kondolearen, kaam er efkes de trep op om by syn âlde skaakmaten te sjen. Om’t der ien oer wie skaakte er ek noch in potsje en it wie te merkbiten dat er it noch net ferleard wie.
De gearkomste yn it krematoarium waard live útstjoerd dat sadwaande koe elk harkje nei de ferhalen dy’t it libben fan Sjoerd stâl joegen. Hy waard te betiid berne en bedarre as ien fan de earsten poppen yn de krekt oantuge kûveuzes fan it Sint Antoon yn Snits. Syn libben einige yn it MCL yn Ljouwert, neidat er by Weidum belutsen wie by in swier ûngemak mei de fyts.
Tusken dy beide sikehúsopnamen spile him in wûnderlik libben ôf. Sjoerd wie -sa waard freed troch hast alle sprekkers sketst- net in grize ûnopfallende persoanlikheid, mar in kleurrike opfallende ferskining. It paad dat er gong, meast op ‘e fyts, wie net úttrape en fersliten om’t er de massa folge. Nee, hy keas foar smelle, bochtige, net-ferhurde dykjes wêrfan lang net altyd dúdlik wie wêr’t se einigen. Iensum wiene syn gong troch it libben lykwols net. Sjoerd hie in partner, in húshâlding mei trije jonges en hy hie in soad kunde. It parkearterrein by it krematoarium wie freed te lyts om de auto’s fan alle belangstellenden te bergjen.
Sjoerd hie in brede belangstelling foar gâns saken lykas fytsen, it miljeu, sûn iten, musyk, polityk en grafyske keunst. Ambysjes om in maatskiplike karriêre op te bouwen hie er lykwols net. Syn oplieding ta tekendosint makke er krekt net ôf en der binne mar in bytsje lju dy’t Sjoerd as wurknimmer yn tsjinst hienen. Syn eigen húshâlding tsjinne er as húsman. En dat hat er kreas dien. Mei syn Anneke trije knapen fan jonges grutbrocht, suver noch kreazer en muzikaler as The Beatles dy’t se -sa die freed bliken- geweldich fertolkje kinne.
Yn de neidagen fan syn lidmaatskip fan Westergoo hat Sjoerd ús noch behoede foar twaspjalt en oar soartich gedonder. Dat siet sa. Der meldde him op in stuit immen oan as aspirant-lid. It wie net sa’n noflike baas, wat wetich en op alles en elkenien kommentaar. De twadde kear dat er op ‘e klupjûn ferskynde waard er troch de wedstrydlieder keppele oan Sjoerd. Sjoerd hie yn dy dagen in brutsen gewearke op ‘e trui spjelde en foar dat de earste setten goed en wol spile wienen hie de man al kommentaar op dat symboal tsjin it gebrûk fan wapens. Sjoerd liet him earst efkes útraze mar tsjinne de man doe al fan replyk. “Ik fyn jo net in leuke man”, sei er sadat elk it hearre koe. De partij wie dêrnei flot ôfrûn. De man fandele syn notysjeboekje, skriuwersark, lêsbril en wat oare helpstikken byinoar en stuts ôf en wy hawwe him nea wer sjoen. Noch betanke Sjoerd!
Freedtemiddei stie it parkearplak fan it krematoarium – ik haw der it sicht op- al wer fol en dat is op’t heden wol gauris sa. Der wurdt in soart stoarn hjoed de dei. Us tiid -dy fan jo en my- komt ek. Mar goed dat we net witte hoe ticht if flachje by de tolve stiet. Sjoerd syn flachje is fallen. Dat er yn frede rêste mei. (HJD)