Cees Banning slaat Arumer merken oer en wint Hartwert 14


hartwert 14It wie omdat hy tsjin Jos Dölle syn kening yn stean liet, oars hie Cees Banning tiisdei grif al syn partijen yn Hartwert wûn. No moast hy tefreden wêze mei 6 út 7. HarmJan Dijkstra –wer werom nei in lytse krupsje wêrby de sjirurch efkes yngripe moast- ferlear fan Cees en Piet, mar waard dochs noch twadde mei 5 út 7. It tredde plak waard opeaske troch de Wytmarsumer Josef Dölle mei twa-en-in-heal ferliespunt (ferlies tsjin HJD en August Niemarkt en kamp tsjin Siebe de Jong). Rintsje Altena sette net al te goed útein mar wie oan ‘e einstreek dochs noch goed foar fjouwer punten en in fjirde plak. Foar syn dwaan die Siebe de Jong it yn de oanrin nei PC-woarnsdei net al te goed. Hy bleau stykjen op trije punten sadat hy it foarlêste plak diele moast mei Piet Sikma dy’t ek op trije punten hingjen bleau. August Niemarkt kaam út op twa en in heal mar dat hiene der wol wat mear west as hy al syn goeie stellingen ek yn winst omsetten hie. De achtste man (NN) die foar spek en brea mei. Oan it notearjen fan syn útslaggen kaam hieltyd de passer te pas: 0 út 8. In moaie simmerjûn yn it ivich moaie Hartwert. Mar de dagen koartsje al wer en it Convent yn Boalsert komt wer yn sicht. Lykwols sil der noch twa kear yn it skaad fan it Hartwerder klokkestuoltsje spile wurde en wol op 8 en 15 augustus. Dêrnei giet it Terphûs efkes yn ‘e rêst. Utsoarte waard der tiisdei wakker spekulearre oer de fraach as tenei it skaken ek gender-neutraal wurde moat. Gjin dame mear en gjin kening en gjin biskop, mar wat dan wol? Men kaam der net út en it is ôfwachtsjen wat de Fide, it wrâldskaakbûn,  beslute sil. It soe nimmen fernuverje -noch spite- as al dizze Hollânske nijmoadrichheden gewoan oerwaaie.  HJD