In moaie set, al sis ik it sels

Hoefolle setten soe in amateurskaker yn syn libben dwaan? Ik haw der gjin doel oer. Wol wit ik dat der mar in pear setten binne dy't je bybliuwe en dy't je jierren neidat je se dien ha noch foar de geast helje kinne. Ik tink dat ik ôfrûne tiisdei sa'n set op it boerd brocht ha. Ik spile tsjin Jos Dölle. Eins de hiele partij hie hy it bettere fan it spul. Op in seker stuit wiisde hy in remise-oanbod sûnder lang nei te tinken fan de hân en die efterinoar setten wêrmei hy oanjûch mar op ien ding út te wêzen: it folle punt. En earlik sein hie ik ek net sa'n goed gefoel oer myn stelling. Ik kaam wat yn tiidneed en ek materieel buorke ik efterút. Mar doe kaam myn 47 ste set. Yn ien kear wienen de kânsen keard en stie ik wûn. Neat mear oan te dwaan. Dölle spile nochal in tweintich tal setten troch mar dat wie neffens my om 'de klap' efkes te ferwurkjen. As echte leafhawwer fan it spul moat úteinlik ek hy genoaten ha fan 47..... g4.

Der fâlt foar wyt gjin salve mear oan te striken. 48. hxg4 hxg3 en wyt kin net foarkomme dat de g-pion transformearret ta dame. 48. Txg4 helpt ek net 48. ....Txg4 49. hxg4 h3! Jos keas foar 48. gxh4. Mar ek dat misbeteart. 48. ...gxh3 49. Tg1 h2 50. Th1 Txh4 51. Kc2 Th3 en wyt wint ienfâldich. Mei sa'n set kin ik de simmer wol yn. HJD