In âlde foto komt wer foar it ljocht

 

scannen0002

Ik wist fan it bestean fan de foto, mar ik wie him út it each ferlern. En sneon foar Peaske wie er der samar wer. Ik wie op besite by myn suster. Har jongste soan waard 26 fandêr. Se hie de âlderlike fotoboeken noch wer ris troch west en kaam ek in mapke tsjin mei skaakfoto's. Dêr witsto wol rie mei, tocht se. Se kin har broerke.
It bijgeande printsje seit de measte Westergoo-leden fan hjoed de dei faaks net mear it measte, mar it stamt út in tiid doe't ús feriening der goed foarstie. De foto is op 9 oktober 1973 (dus likernôch fjirtich jier lyn) nommen yn de grutte seal fan it âlde Convent dat stie oan de Grote Kampen. We sjogge dat der in simultaanseance geande is. Simultaanjouwer is de doe tritich jier âlde Genna Sosonko dy't yn 1972 fanút Ruslân nei Nederlân ymmigrearre. Hy reizge yn dy dagen it lân troch grif om in bûssint te fertsjinjen. Dat hy nei Boalsert kaam wie nei alle gedachten te tankjen oan de kontakten fan Klaas Visser, ús âld skriuwer en foarsitter.
Wa sjogge wy op de foto? De man rjochts dy't mei de rêch nei ús tasit wie Piet Elzinga, suveldirekteur en fan 1948 oant 1983 foarsitter fan Westergoo. Hy wie dy jûns yn oktober de ienige dy't Sosonko fersloech. Rjochts njonken him sit Gerlof de Hoop in legindarysk lid fan Westergoo. Hy kaam earne út Wymbriseradiel en fertsjinne jierren de kost as boere-arbeider. Doe't troch de lânboumeganisaasje der foar him op it boerehiem gjin plak mear wie, ferhuze er nei Boalsert en krige wurk yn Harns op it suertsjefabryk fan Frisia. Hy mocht graach spultsjes dwaan en rekke sa by Westergoo. Jierrenlang spile hy alle tiisdeitejûnen syn partijen en foarseach dy nochal lûd sprekkend fan kommentaar. "Hoe zullen wij dat varkentje weer eens even wassen?" wie in útrop dy't him yn 'e bek bestoarn lei. Ik fyn it wol wat in Westergoo typearjend plaatsje: Elzinga en De Hoop sa njonken inoar wylst se sosjaal gâns in ein fan inoar stienen.
Wa steane noch mear ôfbylde. De man links mei de hân ûnder it kin is Sjoerd Zijlstra, in jeugdlid út dy jierren. Oan de oare kant fan de tafel fanôf links: Jurjen Dijkstra, Laurens Boersma, ik tocht krekt sichtber Fokke de Boer, dan Jan Atsma en dan Hans Ybema en nei alle gedachten Paulus de Boer. It is oannimlik dat fia skathâlder Pater Reintjes in flink tal learlingen fan it pleatslike Jan Brugmankolleezje ek fan de partij wie. Fjouwer minsken spilen remise: Pieter Sinnema (no spyljend by Jurjen Tolsma) , Pier van der Weg (ferstoarn), Peter van Eijk (tsjinwurdich wenjend te Drachten) en ús eigen Teake Bergsma doe noch in jong broekje mar ek doe al in tsjinstanner om altiten rekkening mei te hâlden. (Hast dy partij noch Teake?)
Ik fyn it in moaie foto út de romrofte skiednis fan ús klup, mar dat komt faaks omdat ik der sels ek al sa lang diel fan út meitsje. Dat makket in minske sentiminteel. Mar der binne slimmere dingen. HJD