De frou hoecht net te poetsen

Ik woe dit stikje begjinne mei in oersetting fan de folgjende stelling "Het mooiste spel is overspel, maar dan komt schaken al gauw op de tweede plaats." Ik rûn der lykwols tsjinoan dat dy stelling net oer te setten is. 'Overspel' is yn it Frysk 'Oerhoer' en dan fâlt it hiele wurdgrapke fuort. Lykwols skaken is ien fan de moaiste spultsjes dy't wy ta ús foldwaan ha. Dy gedachte oerfoel my alteast tiisdei wer doe't wy de twadde omloop spilen fan ús rapidkompetysje. Fansels moat ik tajaan dat dat gefoel pas yn de rin fan de jûn by my opkaam. Ik sette namentlik útein mei in grouwélige ferliespartij tsjin Murk Viersma. As in nuet skiep liet ik my nei de slachtbank fiere yn krapoan tsien setten. Net om oan te sjen. Mar dernei folgen trije winstpartijen en och dan waakst it swiet geniet fansels.
Hichtepunt wie foar my myn kombinaasje yn de lêste partij (tsjin ús skriuwer Hans van den Bosch, dy't tiisdei úteinsette mei trije winstpartijen).

HJD HvdB

Yn bijgeande stelling – swart hat krekt Ld7-g4 spile- kin ik de dame ôfruilje mar dan is de muzyk der fierhinne út. De fraach is neffens my: hoe dan te foarkommen dat der in rare dûbelpion ûnstiet op de f-lijn neidat wyt slein hat op f3. Ik sjoch kânsen op de keningsfleugel.
1. Dc1
Ik tink dat swart no noch gjin nocht hat oan Lxf3 gxf3 omdat letter nei Kh1 en Tg1 wyt faaks in moaie oanfol krijt op de swarte kening. Dêrom docht er:

1. ...... Pg6
It rapidkampioenskip fan Westergoo stiet op it spul. As Hidde in heal punt skoart tsjin Murk en ik win dizze partij dan mei ik in jier op de Siebe de Jongbokaal pasje. Ik beslút der foar te gean ek yn de hope dat myn frou de beker sa no en dan wat poetse wol:
2. Pf6 skaak
Oei, dat mept der yn. Swart hat net folle keus. As er de kening fuortspilet giet der in folle loper ferlern.
2...... gxf6
3. Dxh6
Ik hie wol sjoen dat it tal misse setten fan swart no grutter wie as it tal goeie en ik hope mar dat hy in kar dwaan soe út it de grutte bult. Dat die der.
3. ..... fxe5
Der folge:
.
4. Dxg6 Kh8
5. Dh6 Kg8
6. Dg6 Kh8
7. Dxg4
It einspul wie dêrnei net echt dreech al spile ik it net sûnder flaters út. Murk wûn fan Hidde. De beker bliuwt yn Wommels. Myn frou hoecht net te poetsen.
HJD