Snits hat net oerlein mar lei op!

We hoege der gjin messen om te lûken, mar neffens my is it reglemintêr sneon net goed gongen.

It kompetysjereglemint fan de KNSB seit (yn artikel 23 lid 2) dat klups yn ûnderling oerlis it oanfangsoere fan in kompetysjewedstriid fêststelle moatte.
By foarkar is dat 13.00 oere en it mei net letter wêze as 14.00 oere.

It stjoeren fan in e-mail mei as boadskip: "Wy begjinne om 12.00 oere" is neffens my net 'it yn ûnderling oerlis fêststellen fan it oanfangsoere' mar is in diktaat dat de iene klup oan de oare opleit. En dat is net neffens it reglemint.

Nochris, wy sille de knyft net foar it ljocht helje, want stel je foar dat wy nochris tsjin dit sterke team spylje moatte, mar ik tink dat Snits der tenei goed oandocht om klups dy't yn de Wetterpoartestêd op besite komme net in diktaat op te lizzen mar wol degelik oer it oanfangsoere te oerlizzen.

Dat soe kinne troch in e-mail te stjoeren mei as tekst: "Wy stelle út om om 12.00 oere te begjinnen. Lit ús efkes witte as jimme dêrmei akkoard geane?"

Dan moet de oare klup reagearje en is ek fuort dúdlik dat elkenien mei de ôfwikende regeling op 'e hichte is.

It grutte foardiel dêrfan is dat de dochs wol wat beskamsume taferielen sa as dy him sneon foardienen, foarkommen wurde. En dat is foar elkenien better.
HJD