De neiweeën fan Paris

Us jongste dochter waard sneon 20, dus de krantsjes oer iepen dagen fan middelbere skoallen gean by ús streekrjocht nei it âld papier. Doe’t lykwols fan ‘e wike myn each foel op it bledsje fan it Boalserter Marne-kolleezje koe ik it net litte en blêdzje it efkes troch. Myn eigen roots lizze dêr, en swiete werrinneringen binne noch altyd mei de skoalle ferbûn. Ta myn grutte bliidskip profilearret de skoalle him as in ynstitút dêr’t de learlingen noch altyd neitinke (moatte). Ommers op side 14 stiet in foto fan twa learlingen dy’t oan it skaken binne. Leuk dat sa folle jier nei it opdoeken fan de skoalleskaakklup “Paris” (ik wie der ea foarsitter fan) it skaken noch altyd in rol spilet op it Marne-kolleezje. Spitich is allinnich dat de regels fan it spul net folslein neilibbe wurde. Sjoch mar nei de foto en it sil de measten fuort opfalle: it boerd leit ferkeard om. Ien treast: soks is hast op alle reklamefoto’s dêr’t skaken in rol spilet, it gefal. Altyd en oeral leit it boerd ferkeard om. Ik haw dy ‘flaters’ in skoftke sammele en ik leau dat ik wol oer de fiifentweintich foarbylden hie. It sil ús earste achttalspiler Hans Huizinga, dy’t dosint is oan it Marnekolleezje, ek wol opfallen wêze.

 

Ta beslút: in koarte mar moaie oanfalspartij út de ynterne kompetysje fan Westergoo. HJD-HVDP 1.d4 d5 2. c4 Pf6 3. Pc3 e6 4. Lg5 Pbd7 5. cxd5 exd5 6. Pf3 (Pxd5 giet net fanwege Pxd5, Lxd8, Lb4) 6. ... Le7 7. e3 0-0 8. Dc2 c6 9. Ld3 Te8 10. h4 g6 11. 0-0-0 Kg7 12. Tdg1 h6. Alles stiet klear foar de oanfal en dy wurdt no dan ek ynsetten. 13. h5 Pxh5 14 g4 Lxg5 15. gxh5 Pf8 16. Pe5 f5 17. f4 Lf6 18. hxg6 Lxe5 19. Dh2 Lxf4 20. Dxf4 De7 21 Dxh6 en de swarte kening bûcht nederich de wurge holle. It is mat yn trije.
Speel hier na in de browser