Utsliepe

Yn in wat ûndúdlik wykje tusken de Amsterdamske Transvaalbuert en de Watergraafsmeer stiet midden tusken in grut tal frij sobere wenten de Christus Koningkerk. It godshûs waard boud yn opdracht fan it Bisdom Haarlem yn in tiid (1959) dat Nederlân noch troch gong foar in godstsjinstige naasje. De tsjerke hat in eigenaardige architektuer. De toer is boartlik en loftich, mar it gebou sels is stak en hoekich. It liket wol in bunker. It is krekt as seit it gebou: 'kom hjir mar minsken, hjir sitte jim feilich, hjir is it fertroud, hjir kin jim neat oerkomme.' En de parochy hat yn it earstoan grif in libbene mienskip foarme. Pastoar wenne njonken de tsjerke yn in mânske pastorij wêryn ek noch wol plak wie foar in tal kapelaans. De kâns is grut dat de mannen tige warber west ha. Moderne tsjinsten, aktyf ûnder de minsken, en in soart jongereinwurk. Koartsein: noed stean foar inoar en it lok partsje. Lykwols: it hat net stânholden. De Amsterdammers joegen der mear en mear de foarkar oan en sliep op sneintemoarn út. Der waard gjin gehoar mear jûn oan de tsjerkeklok dy't harren oprôp ta it bywenjen fan de earetsjinst. Sterker, de klok waard it swijen oplein en de yngongen fan de Christus Koningkerk waarden tichtspikere.
Allinnich oan de efterkant fan it gebou is der noch in doar dy't iepen kin. Hy jout tagong ta de tsjerkse katakomben wêr noch wat romten yn gebrûk binne, ûnder oaren by de skaakklup Oosten Toren. Sneon hat it earste fan Westergoo dêr ûnder de tsjerke, heal yn de tsjustere Amsterdamske grûn te gast west. In passende akkommodaasje want it resultaat koe it deiljocht eins net ferneare. 5.5-2.5. Wat de architektuer fan de tsjerke beloofde ('hjir kin jim neat oerkomme') waard net wier makke. Ik haw sneintemoarn útsliepen. HJD