Lûdsoerlêst

Wy libje yn in tiidrek fol lawaai. En it wurdt al mar slimmer. Doe't wy sneon foar in wike kalm en fredich yn de grutte seal fan it Convent tsjin Hilversum sieten te skaken, waarden wy om kertier oer twaen opskrikt troch lûde muzyk. Wat die bliken? Op it Boalserter sportfjild waard earne yn de ûnderste regionen fan de KNVB in fuotbalwedstriid spile. En de twaentweintich amateurs fan Bolswardia en ik leau Hylpen koenen dat net dwaan sûnder dat in kertier foar it begjinsinjaal mei help fan alderheislikst grutte lûdsprekkers oer de heale stêd in oergryslik soad desibels útstoarten waarden Wat in ûnferstân? Werom kin der net tsjin in bal oanskopt wurde sûnder dat skakers in pear hûndert meter fierderop dêr lêst fan ha? Doe't ik eartiids noch by Bolswardia spile hoegde heal Boalsert dat net te hearen. Mar ja... eartiids, doe wie alles oars. Op moandeitejûn gongen wy yn it âlde Convent nei it fragelearen (al hjitte dat doe al 'catechisatie') Dominy gong foar yn gebed. Hy lei ús de skrift út. We songen in psalm en dernei ferlieten wy yn alle kalmte it gebou. Kom dêr no noch ris om. De tsjerke organisearret no op tiisdeitejûn yn it Convent in 'jeugdclub'. En it skynt dat dat mei in grouwélich stik leven plak fine moat. As wy tiisdeis krekt mei de partij útein setten binne dan stiget der út de katakomben fan it Convent gjin psalmegesang omheech, mar de lûden fan in kloft bern dy't, sa liket it, in kollektive oanfal fan ADHD ûndergiet. Roppe, raze, skelle, skreauwe, drave en fleane, it is net te beskriuwen en it soe my net fernuverje as it sels Us Leaven Hear wolris te mâl giet, Hy wurdt úteinlik ek in dei âlder is't net sa? Lykwols, it skynt der hjoed de dei by te hearren en wy moatte it mar akseptearje.
Binne wy sels dan folslein skjin op 'e lea? Welnee, ek yn ús toernoaisealen en kluplokalen wurdt it hieltyd rumoeriger. Waard der eartiids oars net dien as flústere, tsjinwurdich prate wy lûd op. Elkenien moat ús snedige opmerkingen hearre kinne. Wat in fearnsieu lyn by damklups gebrûklik wie wurdt no ek by ús as skakers hiel gewoan: ûnder de partijen ien en al leven. En nei ôfrin wurde stikken mei barstend geweld yn de doaskes stoarten.
Ien gelok – en faaks leit krekt dêr ek de oarsaak- it skakersfolkje fergrizet en it gehoar nimt by de measten flink ôf. Mannichien is sa njonkelytsen sa staf dat de tanimmende lûdoerlêst him folslein ûntgiet.
Der sit eins neat oars op en lear der mei te libjen dat it hjoed de dei no ienkear sa "heart".
HJD