Koart

Remco Heite bestege sneon yn syn rubryk yn de Ald Ljouwerter oandacht oan koarte partijen. Dy bliuwe de oandacht lûken, seker yn dizze tiid wêryn alles – no ja hast alles- fluch en flitsend wêze moat. By tafal spile ik tiisdei ek in koarte partij. Yn 23 setten hie ik myn tsjinstanner lyts man. It slot wie – al sis ik it sels- wol aardich, want ja in dame offerje net alle dagen.  20. Lxe5 Lxe6 21. Dxh5 gxh5 22. g6 Kg8 23. Ph6 mat. Myn tsjinstanner Hylke Tsiets Feenstra  - ik hearde tiisdei foar it earst yn de goed 44 jier dat ik de man kin wêr dy ‘T’ foar stiet- wie sa sportyf  en stel my in de gelegenheid om de hiele kombinaasje út te fieren. Hy seach ek wol dat it nei 21. Dxh5 op ‘e kop ferkeard komme soe, mar joech net op. In stikje skaakfatsoen dat tige te wurdearjen is. En goed foar beide partijen. De winner mei de kroan op syn tinkwurk sette en de ferliezer hat efkes tiid om dat wat net te foarkommen is (‘het onvermijdelijke’)  ûnder eagen te sjen en te akseptearjen. Sa jouwe senioaren it foarbyld dêr’t de jongerein wat fan opstekke kin.  HJD