Kristel

Fan ‘e wike ferstoar Silvia Kristel. Ik haw it yn de nekrologyen nearne lêzen, mar neffens my hie se de lêste jierren wat gedoente mei in rike man dy’t yn de skaakwrâld wol gauris foar jildsjitter spile. Twa jier lyn alteast ferskynde Bessel Kok – hy bestuivere mannich kandidatematch en op him doel ik- mei de no ferstoarne aktrise oan syn side op it Tata-Steel toernoai yn Wyk oan See. Genna Sosonko, dy’t yn de grutte tinte it kommentaar fersoarge, seach it stel binnenkommen en bruts him suver sawat de skonken om by harren te kommen. “Ik zie dat Bessel Kok en Silvia Kristel zijn gearriveerd. Dan lijkt het me nu een goed moment om even een pauze in te lassen.”  En Sosonko stode op it stel ta. Kristel  wie doe achter yn de fyftich mar har ferskining die noch altyd net sear oan de eagen. Of se in loper fan in hynder ûnderskiede koe betwivelje ik, mar wat docht it der ta? Mei Monique van de Ven hold se gâns manlju fan myn generaasje sa no en dan wat út de sliep. In fertsjinste dy’t útstiget boppe de kennis dat in loper ‘schuin marcheert’ en in hynder earst fan siden stapt en dan rjocht op syn doel ôfgiet. Dat Emmanuella rêste mei yn frede. HJD