FK-column 6: Gjin taalynnovaasje

Ik stean der in bytsje ambivalint tsjinoer, it taalgebrûk fan managers en kommunikaasje minsken. Oan de iene kant moat ik der faak fan spuie, mar oan de oare kant haw ik dochs ek wol wer bewûndering foar minsken dy’t altyd wer wat nijs betinke om it selde op in oare manier te sizzen. Ferline jier hie by ús op ‘e saak elkenien foar yn ‘e bek dat wy alles ‘mei inoar diele moasten’. Ik wil dit even met je delen en ik wil dat even met je delen. Undertusken is der al wer wat nijs útfûn: We diele no net mear de dingen mei-inoar, nee op dit stuit hat elkenien it oer  “Ik wil je even aanhaken”.  In pear kopstikken begjinne dermei en dan duorret it meastal net sa lang of elkenien hat it der oer. En ta myn skande moat ik bekenne dat ik fan ‘e wike yn in oerlis de aanhaak-konstruksje sels ek al brûkte en dat ek noch yn kombinaasje mei in kear as trije fjouwer ‘zeg maar’ te roppen. En in pear kear ‘eigenlijk’ want dat is ek yn opkomst.

Gelokkich hoecht in minske ûnder it skaken neat te sizzen. De pear wurden dy’t wy no en dan al útstjitte binne al jierren it selde: “Prettige partij”, “Remise?” en “Ik jou it op”. Yn it lêste gefal folstiet sels it swijend jaan fan de hân. Hearlik dat al dy taalynnovaasje gewoan om ús hinne giet, en dat wy net mei hoege te dwaan oan al dat nijmoaderige gedoch.

 

August en ik spilen woansdei in âlderwetsk spultsje en as klupgenoaten hienen wy der beide nei 20 setten frede mei dat ik ‘kamp’ waard.

 

August Niemarkt - HJD

FK, ronde 6, 06.06.2012

1.b4 a5 2.b5 b6 3.Lb2 Lb7 4.e3 c5 5.c4 Pf6 6.Pf3 g6 7.Le2 Lg7 8.0–0 0–0 9.d4 cxd4 10.exd4 d6 11.Te1 Pbd7 12.Pbd2 Tc8 13.Tc1 Te8 14.Db3 d5 15.a4 Lh6 16.Tc2 Dc7 17.Pf1 Db8 18.Lc1 Lg7 19.Ld2 Pe4 20.Le3 e6 kamp.