FK-column 2: In treflik argyf

Yn it jongste nûmer fan Schaakmagazine stie in artikel oer immen dy’t 75 lid west hat fan de KNSB. It betrof Jan Visser fan Vreeswijk, letter Swol. Doe’t ik dat artikel lies tocht ik,  Visser en Vreeswijk, wat wie dêr ek al wer mei? En doe ynienen wist ik it wer. Dy man hat yn 1946 mei dien oan it grutte skaaktoernoai dat yn Boalsert organisearre waard. Kramer, Van den Tol, Mulder van Leens Dijkstra, Wellner, Koomen, dat soart mannen wienen fan de partij en ek dizze Visser dus. Ik haw fuortdaliks socht nei de man syn emailadres en fia de foarsitter fan it Zwols Schaakgenootschap krige ik dat te pakken. Myn doel wie om Visser te freegjen of hy faaks ek noch de partijen hat dy’t hy doedestiids yn Boalsert spile. In pear dagen letter krige ik in mail werom fan it jubilearjende KNSB-lid. Mei yn de bylage kreas en netsjes alle partijen dy’t hy 66 jier lyn yn Boalsert spile! Prachtich yn elts gefal foar it argyf fan ús feriening, mar faaks kin ik der ek noch wol wat mear mei want ik rin eins altyd noch om mei it idee om fan dy grutte wedstryd it toernoaiboek(je) gear te stallen. Wa wit! Ferbluffend fyn ik it yn elts gefal dat immen yn steat is mei in pear drukken op ’e knop nei te gean hokker setten hy 66 jier lyn spile. Myn persoanlike skaakargyf is gâns gaoatysker. De measte partijen binne der noch wol tink ik, mar om se gau efkes foar it ljocht te toverjen, dat slagget seker net. Sa wit ik bygelyks net hoe faak ik tsjin Snits-foarsitter Dirk Schild spile haw. Miskyn wie it- juster yn de twadde ronde fan it FK 2012- yn de goed 30 jier dat ik him kin wol de earste kear. Ik tink net dat der oer 66 jier noch immen wêze sil dy’t witte wol hoe’t dizze partij ferrûn is. Lykwols hjirby de setten:

Dirk Schild- HJD FK 2e ronde 16-05-2012  1.e4 c5 2.Lc4 Pc6 3.Pf3 e6 4.0–0 dirk 5 5.e x dirk 5 e x dirk 5 6.Te1+ Le7 7.Le2 Dc7 8.Pc3 Pf6 9.dirk 3 a6 10.Lg5 Le6 11.D dirk 2 0–0–0 12.Lf4 L dirk 6 13.L x dirk 6 T x dirk 6 14.dirk 4 Pe4 15.Pxe4 dirk x e4 16.Pg5 P x dirk 4 17.Dc3 f5 18.Lc4 Lxc4 19.Dxc4 b5 20.Df7 T dirk 7 en wyt jout it op.