FK-column 1: In brêge te fier

In brêge te fier

Begjin april wienen de frou en ik foar it lêst in wykeinsje fuort west dat wy fûnen it begjin maaie wol wer ris tiid en gean der efkes tusken út. We bedarren yn de buert fan Arnhim yn in hotel mei net al te folle stjerren. Op befrijingsdei seagen wy de Ingelske, Poalske en Kanadeeske feteranen troch de strjitten fan Wageningen stifeljen en in dei letter besochten wy yn Oosterbeek it Airborne museum. Dêr wurdt alles oangeande de Slach by Arnhim (Market Garden) útstald. Oeral en altyd op syk nei skaakkuriositeiten,  hie ik hope dêr it bewiis sjen te kinnen dat soldaten ek wol gauris in lyts bûsskaakspultjse by harren droegen. Meinamme hie ik hope no ris mei eigen eagen in eksimplaar te sjen fan it saneamde Ajax-skaakspul. Dat bestiet út in papieren kokerke mei deryn platte skaakstikjes en een buordsje dat oprôle wurde kin. Mar it mocht jammergenôch net sa wêze. Spitich mar oan de oare kant bliuwt der sa ek noch wat te winskjen oer.
It Airborne museum bliuwt lykwols de muoite wurdich en wa’t yn de buert is moat der seker ris de tiid foar nimme om de kolleksje te besjen. Dúdlik wurdt dat de alliearde troepen yn septimber 1944 kânsleas wienen tsjin de Dútske oermacht. Dat selde jilde – om mar efkes in brechje te slaan- ek foar my yn myn earste partij yn it FK fan dit jier. De oermacht bestie net út Dútsers mar út Elopunten. En dat is ek net mislik.  Ik spile tsjin Nick Maatman ôfkomstich út de omkriten fan Wolvegea. Hy is noch mar sechtsjin jier, mar hat no al in rating fan oer de 2200 punten. En dat wylst er noch mar trije jier serieus dwaande is mei skaken. It soe my net fernuverje as it mei him streekrjocht op in titel oangiet (Master? Grutmaster?)

HJD- Nick Maatman FK 2012 le omloop: 1.d4 Pf6 2. c4 g6 3. Pc3 d5 4. Pf3 Lg7 5. Lg5 Pe4 6. e3 Pxg5 7. Pxg5 0-0 8. h4 c5 9. h5 cxd4 10. Pxh7 dxc3 11. hxg6 cxb2 12. Tb1 Da5 13. Ke2 Dxa2 14. Pxf8 Dxc4 15. Dd3 Kxf8 16 gxf7 Lf5 oerjûn.  Dúdlik in spultsje fan ‘in brêge te fier.’  HJD

Speel de partijen online na